Minder sipels, ierappels en sûkerbiten troch lange, drûge simmer

31 okt 2018 - 11:02

De risping fan sipels, ierappels en sûkerbiten yn Nederlân sil dit jier nei alle gedachten folle leger útfalle. Dat komt troch de drûchte fan de ôfrûne simmer. Dat stiet yn de Oogstraming 2018 fan it CBS.

Ierappels - Foto: Shutterstock.com

Foar de konsumpsje-ierappels wurdt útgien fan 23 prosint minder opbringst, by sipels sels fan 44 prosint en by sûkerbiten in min fan 13 prosint. It is neffens it CBS noch net te sizzen oft de produkten ek djoerder wurde troch de legere risping.

De definitive sifers wurde ein jannewaris takom jier bekend makke.

(advertinsje)