Oersetter Klaas Bruinsma yn Drachten ferstoarn

31 okt 2018 - 10:22

Yn Drachten is Klaas Bruinsma op 87-jierrige leeftiid ferstoarn. Hy wie dichter en foaral bekend as oersetter fan grutte klassikers yn it Frysk. Bruinsma hat yn syn karriêre meardere prizen wûn foar syn wurk.

Foto: Omrop Fryslân

Begjin oktober kaam by útjouwerij Elikser syn lêste wurk út: 'Samle Fersen en Oersettings', in bondel gedichten en Aldfryske sangen. It grutste part fan de gedichten binne gelegenheidsgedichten fan syn eigen hân. Dêrnjonken steane der yn it boek gedichten fan oare auteurs. Dizze binne dan troch Bruinsma oerset yn ferskate talen.

Martine Kamphorst fan útjouwerij Elikser: "Klaas Bruinsma is ferneamd om syn oersettingen yn byldzjend Frysk. Syn enoarme talekunde yn kombinaasje mei lyryske talinten meitsje syn wurk ta in wichtich stik erfguod foar it Fryske taalgebiet, mei syn eigen wurk as de peareltsjes yn de kroan."

Martine Kamphorst fan útjouwerij Elixer oer Klaas Bruinsma

Bekroand

Bruinsma hat ûnder oare de midsiuwske wurken 'Karel ende Elegast' en 'Beatrijs' oerset. Mar net allinnich út it Nederlânsk sette hy oer, ek wurken út it Spaansk en it Gryksk. Bruinsma hat ferskate prizen krigen foar syn wurk. Sa waard er yn 2007 ûnderskieden mei de Zilveren Anjer.

Foar de Fryske oersettingen fan de Grykse trageedzjes fan Sophocles krige hy yn 1993 de Obe Postmapriis, de priis foar de bêste oersetting. Hy krige dy priis faker. Foar it betinkboek fan Gysbert Japicx, de oersetting fan Vergilius 'Georgica' yn de bondel 'Lânwurk' en syn oersettingen fan de tsjokke klassikers fan Homerus, de Ilias en de Odyssee. Dizze boeken binne útjûn troch útjouwerij Bornmeer.

Reinjas en brommer

Klaas Bruinsma waard yn 1931 berne yn Easterein. Hy siet op it Grifformearde Gymnasium yn Ljouwert, letter it Beyers Naudé. Hy waard learaar Ingelsk en Gryksk oan it Ichthus Kolleezje yn Drachten, no it Liudger.

Hy wurke nei syn pensjoen troch oan oersettingen en gedichten. Hy wie in bekende ferskining yn literêr Fryslân. Yn syn brune reinjas en op syn brommer kaam Klaas Bruinsma by alle gelegenheden. Yn 2015 hat keunstner Jan Ketelaar út Drachten syn âld-learaar ferivige yn in byldsje, om him te betankjen. Bruinsma hie gedichten fan Ketelaar oerset yn it Ingelsk en it Frysk.

(advertinsje)