Provinsje wol witte wêrom't minsken faker de auto pakke

31 okt 2018 - 08:25

It brûken fan de auto is sûnt ferline jier mei trije prosint tanaam. Ek stapten minsken wat faker yn trein, bus of taksy. Der wurdt dus mear gebrûk makke fan motoarysk ferkear, wylst it fytsferkear krekt in bytsje ôfnaam is. De provinsje wol ûndersykje hoe't dat kin en ek de feilichheid analysearje. Dat stiet yn it Utfieringsprogramma Ferkear en Ferfier 2019, dat tiisdei presintearre waard.

File - Foto: Shutterstock.com

De ferantwurdlik deputearre Poepjes hat al wol in idee hoe't it kin dat benammen it autoferkear tanaam is. "It hat der mooglik mei te krijen dat de ekonomyske krisis foarby is", sa tinkt se. De taname is ek te sjen by de carpoolplakken yn de provinsje. It docht nammentlik bliken dat guon fan dizze plakken faak fol binne. Der sil dus sjoen wurde moatte oft dy parkearterreinen grutter makke wurde kinne.

"Wy sille dêr ek in analyze op útfiere litte", sa seit Poepjes. "It is eins in lúkseprobleem, want it carpoolen wurket wol, mar it bliuwt in probleem. Krekt hjirfoar hawwe wy dizze plakken oanlein, dat je net alles yn ien auto dogge mar dat je mei-inoar ride of it OV nimme, mar dan moat der wol plak wêze, want oars ûntmoedigje je dat ek wer."

Ferjouwingsbermen

Njonken de carpoolplakken wol de provinsje ek sjen nei de feilichheid fan de bermen. "Wy wolle sjen nei ferjouwingsbermen", leit de deputearre út. "Dat hâldt yn dat as je fan de dyk ôf reitsje, dat je dan net fuort op de kop yn de sleat bedarje of dat dêr in rige beammen stiet. Mar dat je tiid en romte hawwe om by te stjoeren."

It Ryk wol neffens de deputearre meihelpe om de probleembermen op dizze wize oan te pakken.

Trefwurden: 
auto ferkear fyts
(advertinsje)