Kollum: "Grip"

31 okt 2018 - 08:06

"Der is in nij wurd yn de polityk. It wurdsje grip. As oerdrachtlike foarm fan immen of guon by de strôt hawwe. Grip. It is snein yntrodusearre troch Aukje de Vries. Aukje siet eartiids yn de Ljouwerter gemeenteried en is opklommen nei de Twadde Keamer. Aukje is in fleurich frommes, hat net folle strapatsen. En dan kinne je yn in partij as de VVD maklik opklimme. Want dat is de partij fan Aukje. It makket net út wat dy partij seit of docht, Aukje rint der like goed efteroan. Of foarop.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Dat lêste om't hieltyd mear VVD'ers te fleurich binne en dêrút wei sels ûndogensk wurde kinne. Dêrom wie Aukje oan bar om de dividintbelesting ôf te skaffen. Dat wol sizze, dat soene Rutte en syn jonges en famkes dwaan. Dan soe Aukje yn de Twadde Keamer sizze dat se it dêr mei iens wie en dan hie it foar de reade en brune jonkjes en famkes gjin doel mear en lul der op troch.

Mar ja, ús Kening is noch ûndogensker as VVD-ers. Hy sei ynienen tsjin Ingelske kranteskriuwers dat de Brexit net trochgean moat. Hy sei it letter ek tsjin de Ingelske Keninginne, mar doe hiene de grutfertsjinjende Ingelske ûndernimmers al sein dat se neat mear mei dat oranje lân te krijen hawwe wolle. As dy Rutte syn Kening net iens yn de hân hat, gjin grip op de Kening hat, poeh. Dy grip wie noch net fan Aukje.

It hie lykwols ta gefolch dat dy Ingelske dikfertsjinners net nei Hollân giene en dus moast Aukje ynienen yn de Twadde Keamer sizze dat de dividintbelesting bestean bliuwt. Besykje Aukje no net te freegjen wat se no wier fynt, dividintbelesting of gjin dividintbelesting. Dat feroaret se net. It makket har gjin soademiter út, se folget blyn Rutte. Dy bepaalt wat Aukje tinkt.

Aukje wennet noch yn Ljouwert. Se sil de Ljouwerter Krante ek noch wol lêze. En dêr lies se dat ROC de Friese Poort net mear wol dat de skoalgeande famkes oerstjoer reitsje fan dy tatoeëarre Cambuurfuotballers. Sterker, de folsleine Friese Poort is foar de bou al fan de tribune ôfgien.

Ferline wike wie 't hjerstfakânsje. De Twadde Keamer hâldt dan altyd efkes op mei regearjen, want Twadde Keamerleden witte mar al te krekt dat de oppassintrales djoer binne. Aukje hie 't oan tiid en koe wol efkes fleurich foar de radio. Buro de Vries, it programma is al nei har neamd. Se hiene it der dêryn oer dat it yn Fryslân no sa is dat al as net in fuotbalstadion ôfhinget fan hoe't ûnderwizers yn de fakânsje fan bêd komme. Dat fynt Aukje net goed.

Mar Aukje helle ek in soad oare âlde Ljouwerters út de bûse en lies dêryn allerhande saken fan Ljouwert. Ferkearde saken. Der skynt dêr ferlet te wêzen fan immen dy't goed siferkes optelle kin. Yn alle gefallen kaam Aukje ta de ferskuorrende konstatearring dat it gemeentebestjoer fan Ljouwert syn grip oan it ferliezen is.

Ik haw it no efkes net oer al as net goed bestjoer. Net oer dat it tiid wurdt dat dy oeral oanwêzige wethâlders fan Ljouwert no ek ris wat opskriuwe of opskriuwe litte, as se wat tsjin ien of oar tasizze. Nee, ik wol it hawwe oer dy grip. Want ik haw gjin grip op alles dêr't Aukje grip op hawwe wol. Betsjut dat as oerheden goed funksjonearje dat se dan de befolking yn har grip hawwe? Us sadanich by de strôt hawwe dat we inkeld noch wat rocheljend oer strjitte swalkje? Dat goede funksjonearjende oerheden ús ta smots wurgje? En dat de saken ferkeard geane as oerheden dy grip ferlieze?

It is sa stadichoan ferbjusterjend dat bestjoerders, keazen bestjoerders ek noch, sá tinke. Dat je grip op de mienskip hawwe moatte en dat it dan allegearre wol goed komt. De polityk seit dat se hieltyd transparanter wurde en se freegje de minsken hieltyd faker om mei te praten. Mar we hawwe dus blykber wol in halsbân om. En as in bestjoerder dy bân efkes wat loslit wurdt dy bestjoerder ûntslein. Dy is skuldich, opsoademiterje. Want frijheid foar it folk bestiet net mear. De oerheid regearret mei fêste grip."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)