Te hurd ride is it meast foarkommende probleem by de wykskou yn Harns

31 okt 2018 - 07:27

In pear kear yn it jier lûke riedsleden, wethâlders en bewenners fan Harns de wiken yn om te sjen wat der spilet. Lizze de stoeptegels allegearre noch wol rjocht? Kinne je de stoepe goed opkomme mei in rollator? It binne fragen dy't by in wykskou steld wurde. Yn Harns wolle de wykkoördinatoaren graach sjen en hearre wat der better moat.

Wyk- en doarpskoördinator Adrie Attema - Foto: Omrop Fryslân

Opfallend is dat te hurd ride it meast neamd wurdt. "It binne faak de minsken dy't yn de buert sels dy't te hurd ride", fertelt wyk- en doarpskoördinator Adrie Attema. Ek de grutte tallen fan blêden wurdt naam. "As der dan in fûle reinbui west hat ferstopje de blêden de reinputten", fertelt Attema.

Attema makket fan alle reaksjes út de wyk in plan en presintearret dy oan de gemeente. De wykskou wurdt al sûnt 2012 hâlden en is in grut sukses. "Ik haw it efkes ynventarisearre en ik tink dat sa'n 80% fan de problemen oplost is", fertelt se.

Parkearproblemen, stoeptegels dy't útstekke en in hûnepoepprobleem wurdt yn de measte gefallen nei trije moannen oplost.

Wiken yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Harkje nei in reportaazje oer de wykskou

De wykskouwen wurde oer it hiele jier ferdield. Dit jier binne der noch twa pland. Op 5 novimber yn de wyk Binnenstad Zuid en op 12 novimber yn de wyk Groot Ropens.

Trefwurden: 
Harns gemeente Harns Wykskou
(advertinsje)