Keamerlid Diks wol tafersjoch op definsje

31 okt 2018 - 06:43

GrienLinks Twadde Keamerlid Isabelle Diks fan Ljouwert wol dat definsje ûnder ferskerpe tafersjoch komt te stean.

Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

Se tsjinnet it foarstel yn nei in jier fan ''feilichheidsynsidinten, minne soarch foar it personiel en geklongel yn de bedriuwsfiering.'' Neffens Diks is definsje net yn steat om sels de problemen op te lossen.

De Twadde Keamer moat steatssekretaris Visser helpe om de problemen op te lossen. Der is neffens Diks ûnder alle tegels dy't omdraaid waarden in ynsidint as skandaal fûn. Se neamt rotten yn kantines, helmen fan karton en gasmaskers mei Chroom-6 farve as foarbyld.

De Twadde Keamer moat neffens Diks faker ynformearre wurde en mear ynsjoch krije yn de maatregels en finânsjes.

(advertinsje)