Meardere tips oer brânstichting De Jouwer

By de plysje binne seis tips binnenkaam oer brânstichting op 'e Jouwer, nei oanlieding fan de útstjoering tiisdeitejûn fan it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht.
Yn it programma wiene bylden te sjen fan de auto fan de man dy't derfan fertochte wurdt dat hy oant twa kear ta de Tesla fan in bewenster fan de Driessenstrjitte yn 'e brân stutsen hat. De earste kear wie yn de nacht fan 4 op 5 maart, de twadde kear yn de nacht fan 18 op 19 april.
Op de bylden is te sjen hoe't in auto oer de Ter Huivra en by de Rabobank del rydt. Dêrnjonken is te sjen dat de fertochte by it Jonkersboskje útstapt. De plysje tinkt dat de brânstichtingen te krijen hawwe mei it wurk fan de frou, dy't as kurator belutsen is by de ôfhanneling fan falliseminten.