René Hake "teleurgesteld" nei bekerwinst, Jacob Noordmans "grutsk" nei ferlies

Cambuur hat him tiisdeitejûn dan wol pleatst foar de achtste finalen fan de KNVB-Beker, trainer René Hake hat him goed sitte te ergerjen. Tsjin twaddedifyzjonist Koninklijke HFC út Haarlem waard it 2-1 en de Ljouwerters hiene it beslist net ienfâldich. "HFC heeft op het einde gewoon meer kansen gehad dan wij. Daarover ben ik wel teleurgesteld."
René Hake
Cambuur kaam op foarsprong troch in goal fan Justin Mathieu en betiid yn de twadde helte makke Tyrone Conraad de 2-0. "Als je 2-0 voorstaat lijkt de wedstrijd gespeeld, maar we speelden het laatste halfuur heel slap. Gelukkig leverde het geen schade op."
Oer it begjin fan de wedstriid wie de trainer net hielendal ûntefreden. "We speelden ze niet ondersteboven, maar dat is altijd lastig in dit soort wedstrijden. Dan moet je degelijk spelen en dat deden we tot aan de 2-0."
De bekerderby liever pas in een later stadium.
René Hake sjocht fêst foarút op de lotting
Uteinlik is Cambuur dochs troch en dus geane se de koker yn foar de achtste finalen. Wat hat Hake it leafst as tsjinstanner? "Een aantrekkelijke thuiswedstrijd zou mooi zijn. Uiteindelijk wil je het grootst mogelijke perspectief hebben om door te gaan." Mei oare wurden: in amateurklup. En as Hearrenfean woansdei wint, soe in bekerderby dan net moai wêze? "Liever pas in een later stadium van het toernooi", seit Hake.

Burgumer bringt spanning werom

Dat it noch spannend waard, kaam troch in Fries. Burgumer Jacob Noordmans skeat HFC tweintich minuten foar tiid werom yn de wedstriid mei in ôfstânsskot. "It wie in moaie oanfal oan de linkerkant", fertelt Noordmans. "Earst in hakje fan Wessel Boer en doe tocht ik: lit ik 'm mar ris op de slof nimme. Hy foel hearlik yn de krusing. Dêrnei wie it ek wer in wedstriid."
Jacob Noordmans
Foar Noordmans wie de wedstriid ekstra spesjaal, want hy hat foar Cambuur spile. "Ik ha de hiele jeugd hjir trochbrocht. Dit fielt ek in bytsje as myn klupke. Der wie in protte famylje en freonen oanwêzich. In pear dêrfan ha sels in seizoenskaart."
Nei de wedstriid hie Noordmans in dûbeld gefoel. "Der hie mear yn sitten, mar we binne ek grutsk op wat we hjir dien ha." Noordmans wie net hielendal ferrast dat HFC goed meidwaan koe tsjin Cambuur: "Je geane derfan út dat Cambuur de bettere ploech is, mar we wisten ek dat sy de lêste tiid wat muoisum draaiden."
It wie foar Noordmans en HFC al de twadde Fryske tsjinstanner yn it bekertoernoai. "Ja, earst Harkemase Boys en no Cambuur. Dat is moaie rige, mei allegear âlde bekenden."