Mear ynsidinten mei agresje yn gemeentehûs Ljouwert

30 okt 2018 - 23:04

It agresjeteam fan de gemeente Ljouwert moat hieltyd faker yn aksje komme. Dat docht bliken út sifers fan de gemeente Ljouwert. Om de feilichheid fan besikers en personiel te garandearjen, moat de befeiliging ferbettere wurde.

It gemeentehûs fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn 2017 hawwe 30 minsken in gebou-ûntsizzing krigen yn ien fan de gemeentlike gebouwen. Yn 2015 wienen dat der 18. Balymeiwurkers freegje ek hieltyd faker oft it agresjeteam helpe kin. Sa waard it team yn 2015 sân kear ynset by in petear, ferline jier al 39 kear.

Krav Maga foar meiwurkers

It Platform Veiligheid fan de gemeente komt no mei acht advizen foar it ferbetterjen fan de feiligens. Der moat permaninte befeiliging komme op de ferskate lokaasjes. No binne der al befeiligers, dy't ek fungearje as gasthear of -frou. Fierder moat it balypersoniel in training yn Krav Maga, in Israelyske fjochtsport, krije kinne om har better ferwarre te kinnen tsjin fysike agresje.

Meiwurkers moatte ek tenei ferplicht in tagongspas drage. Fierder wurdt tocht oan better tafersjoch mei kamera's mei gesichtswerkennen en in feilige flechtrûte. Ek de spreksellen fan no binne net feilich genôch. Alles by inoar giet it om in ekstra jierlikse kostepost fan goed 180.000 euro.

It gemeentehûs fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Gemeentehûs moat feilich en gastfrij

Foar de gemeente is it dreech yn te skatten hoe feilich oft de gemeentlike gebouwen binne. Yn in amtlike taljochting stiet: "Er komen duizenden bezoekers per maand in de gemeentelijke gebouwen, er worden duizenden gesprekken gevoerd. Dat gaat in de meeste gevallen goed." Utsein op 16 maaie fan dit jier. Doe luts in man in mes en hâlde ien fan de balyemeiwurkers yn in wurchgreep.

Der moat no besjoen wurde hoe't je fan it gemeentehûs in gastfrije lokaasje meitsje dy't ek feilich is foar de meiwurkers. Dêr moat geregeld op toetst wurde, sa stiet yn de amtlike taljochting.

Trefwurden: 
Ljouwert gemeente agresjeteam
(advertinsje)