Diploma's foar wurkûnderfiningsprojekt 'Het Melkbeurtschip'

30 okt 2018 - 22:23

Yn Droegeham is in groep jongerein, asylsikers en minsken dy't lestich oan in baan komme kinne, dwaande om in âld molkskip op te knappen. It skip is hast 100 jier âld. In tsiental dielnimmers oan it wurkûnderfiningsprojekt krijt tiisdei, út hannen fan de wethâlders fan Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen, in laskdiploma.

Diploma - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Wethâlders Gelbrig Hoekstra fan Tytsjerksteradiel en Harjan Bruining van Achtkarspelen binne bliid mei it projekt. "It is bysûnder dat dit sa goed slagge is", fertelt Hoekstra. De tsien minsken mei in diploma kinne oan it wurk by ferskate bedriuwen. Ek binne der noch in oantal learlingen dy't letter in diploma helje kinne. Sy binne noch dwaande mei de oplieding.

Melkbeurtschip

It 'melkbeurtschip' is boud yn 1922 yn opdracht fan it suvelfabryk. It hast 13 meter lange skip hat jierrenlang fearn as molkferfierder tusken de Koöperatieve Suvelfabryk Dokkum en de melkfeehâlders yn de omjouwing. It fabryk stie dêr fan 1898 oant 1991 op it bedriuwsterrein Betterwird. It âlde beurtskip fan it suvelfabryk wurdt wer hielendal opknapt troch de wurksykjenden ûnder lieding fan projektlieder Bryan Kes.

"Het is echt mooi wat we hier doen. Jong, oud, vrouw, man, blank en donker alles komt hier samen", fertelt Kes. It projekt wurdt útfierd yn in loads yn Droegeham. De wurksykjenden moatte it stielen kasko tegearre opknappe. Dêrnei is it de bedoeling om it skip betimmerjen te litten yn, op 'e nij, in wurkûnderfiningsprojekt.

Gearwurking gemeenten wurkûnderfiningsplakken - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Laskoplieding

In oantal wurksykjenden is neist it wurk oan it beurtskip, in laskoplieding begûn. Under lieding fan laskynstrukteur Anton Woelk fan DKD binne de dielnimmers oplaat ta folweardige MIG-Mag of TIG-laskers. Hy fynt it prachtich dat de learlingen it diploma helle ha. "Mar ik sil de learlingen ek hiel bot misse", fertelt Woelk.

Gearwurkje

De gemeenten Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen binne ein 2017 mei it lokale bedriuwslibben in nij renovaasje- en wurkûnderfiningsprojekt begûn. It projekt is úteinset nei de suksesfolle renovaasje fan beurtskip 'Dorp Grouw', dat no by it skûtsjemuseum yn Earnewâld leit.

(advertinsje)