SC Cambuur hat it dreech mei Koninklijke HFC, mar bekeret wol troch

Sportklup Cambuur hat him pleatst foar de achtste finalen fan de KNVB-Beker. Tiisdei wûn de ploech fan trainer René Hake thús mei 2-1 fan Koninklijke HFC út Haarlem. Dy ploech spilet yn de twadde difyzje, ien nivo leger as Cambuur.
René Hake
By HFC, dat yn de foarige ronde noch Harkemase Boys útskeakele, wie Jacob Noordmans de oanfierder. Hy komt út Burgum en spile oant 2009 yn de jeugd by Cambuur. En Xavier Mous spile tsjin syn âlde klup: hy begûn syn fuotbalkarriêre by de klup út Haarlem. Boppedat spylje der ek noch meardere freonen fan him yn it team.

Gjin ûnderskatting

Al wie it gjin grutte útslach, fan ûnderskatting wie gijn by trainer René Hake gjin sprake. Hy stelde de yn syn eagen sterkst mooglike spilers op. It like earst ek net in drege jûn te wurden foar de Ljouwerters. Nei in goed kertier spyljen makke Justin Mathieu de 1-0 foar Cambuur. Dat die er op oanjaan fan Nigel Robertha.
Direkt nei de iepeningsgoal krige HFC twa grutte kânsen. Under oare Wessel Boer wie gefaarlik, mar Cambuur oerlibbe de gaos sûnder tsjingoal.
Yn de lêste faze fan de earste helte ferskate kearen ticht by de 2-0. Robertha, Schils en Mathieu besochten it, mar faak stie HFC-doelman Van Rossum yn it paad.
Cambuur fiert de 2-0 © www.orange-pictures.nl
Betiid yn de twadde helte makke Tyrone Conraad der 2-0 fan. Dat die er nei't Omar el Baad in pass fan Mathias Schils ferlinge. Dêrnei foarkaam Van Rossum opnij dat Mathieu syn twadde goal makke.

Cambuur krijt it dreech

Oant dat momint hie Cambuur it net dreech, mar doe makke Noordmans, dy't dus yn de jeugd foar Cambuur spile, it op skitterjende wize wer spannend. Mei in ôfstânsskot brocht er HFC werom ta 2-1.
Burgumer Jacob Noordmans nei syn goal © www.orange-pictures.nl
Nei dy oanslutingstreffer gie HFC op syk nei de gelykmakker en de Haarlemmers krigen ek echt wol kânsen. Robin Eindhoven kopte krekt oer en Mous moast yn aksje komme by in hurd skot fan Tim van Soest. Mous kearde ek in frije traap fan Peet van der Slot.
Mathieu hie it duel yn de counter op slot smite kinnen, mar HFC-doelman Van Rossum koe syn ynset op de line noch tsjinhâlde.

By de lêste 16

Sa bleau it by 2-1. Cambuur hie alle muoite mei de twaddedifyzjonist, mar sit wol by de lêste sechstjin fan it bekertoarnoai. De lotting foar de achtste finalen is takom sneon.
Jacob Noordmans
SC Cambuur - Koninklijke HFC: 2-1 (1-0) 19. Justin Mathieu 1-0, 55. Tyrone Conraad 2-0, 72. Jacob Noordmans 2-1
Opstelling SC Cambuur: Mous; El Baad, Mbende, Schilder, Van Wermeskerken; Conraad (59/Kallon), Ciganiks, Schils; Mathieu, Robertha (46/Rossi), Van Kippersluis