Waadhoeke hat 1,9 miljoen tekoart op sosjaal domein

30 okt 2018 - 20:46

De gemeente Waadhoeke hat foar takom jier in tekoart fan 1,9 miljoen euro op it sosjaal domein. Dat makket de gemeente bekend op de jûn dat Marga Waanders as nije boargemaster ynstallearre wurdt. Omdat Waadhoeke noch genôch reserves hat, kin de ôffaller wol opfongen wurde.

Gemeente Waadhoeke - Foto: Omrop Fryslân

It tekoart komt benammen troch maatregels fan it Ryk, hegere tariven en mear kliïnten yn de Wmo en Jeugdsoarch. De earste berekkeningen litte sjen dat de gemeente dêrom 1,5 miljoen euro mear nedich hat. Der komt by dat Waadhoeke 4 ton minder krijt út it gemeentefûns.

Positive saldo

As oplossing foar it tekoart hellet de gemeente jild út it positive saldo fan de begrutting. Dat wie 1,3 miljoen euro, makken se earder dizze moanne bekend. Fierder boarret de gemeente it budzjet 'Onvoorzien structureel' oan foar 0,6 miljoen euro. Op langere termyn ferwachtet de gemeente wer in posityf saldo fan 1 miljoen yn 2022.

De gemeente Waadhoeke wol sjen oft se de kosten fan it sosjaal domein ferleegje kinne. Se sille besjen oft de kliïnten it miskien mei minder help dwaan kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)