Kolleezje skriuwt priisfraach út oer takomst Sealen Schaaf yn Ljouwert

30 okt 2018 - 20:39

Sealen Schaaf yn Ljouwert moat in "oansprekkend" plak wurde. In plak dat net soarget foar oerlêst yn de omjouwing. It bin twa fan de betingsten dy't it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert hat by in priisfraach dy't útskreaun is. It kolleezje wol sa partijen útdage om mei in oansprekkend plan te kommen foar in takomstich Sealen Schaaf.

Foto: Google Streetview

Plannen binne wolkom

Fan takom moanne ôf oant 1 febrewaris kin eltsenien in idee yntsjinje foar it sealesintrum. De trije oant seis bêste plannen wurde dan foarlein oan omwenners fan de wyk Speelmanskwartier. Op basis fan wat har miening is en in sjueryrapport makket it kolleezje fan in kar.

Der mei in soad

Wethâlder Hilde Tjeerdema ferwachtet in soad respons: "We litte frij wat minsken wolle, as it mar yn de fyzje op it gebiet past. Dus as se slope wolle, ferbouwe of wat dan ek: it kin. It plan moat allinnich goed wêze en passe."

Der moat allinnich al rekken hâlde wurde mei de buert, sa seit Tjeerdema: "Der wenje in soad minsken. Dêrom is der al in beheining at it giet om lûdsoerlêst." Sa meie der allinnich op de betide jûn kulturele aktiviteiten organisearre wurde.

Minsken of ûntwikkelers dy't Sealen Schaaf yn Ljouwert ha wolle moatte op syn minst mei 4 ton op it kleed komme. Hier kin ek, dan binne je op jierbasis 40.000 euro fierder.

(advertinsje)