Gemeente Ljouwert bliuwt foarearst by Caparis

30 okt 2018 - 20:24

De gemeente Ljouwert set foarearst gjin eigen re-yntegraasjebedriuw op. Twa jier lyn makke de gemeente bekend ôf te wollen fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis. Dêr komt Ljouwert no op werom. Foar de twatûzen meiwurkers fan Caparis is dat goed nijs. "Se krije sa it gefoel dat se der ta dogge", seit Caparis baas Alex Bonnema.

Caparis - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Partisipaasjewet feroare alles

Alles hat te krijen mei de partisipaasjewet. Dy hâldt yn dat minsken mei in beheining safolle mooglik oan in gewoane betelle baan holpen wurde moatte. Ljouwert, Achtkarspelen, East- en Weststellingwerf hiene dêr, troch de wize wêrop't Caparis organisearre is, gjin fertrouwen yn. De ôfrûne tiid is der binnen Caparis in soad feroare.

Dat jout fertrouwen seit de Ljouwerter wethâlder Sjoerd Feitsma: "Der is de ôfrûne perioade in beweging makke. De goede kant út foar ús. Se moasten gewoan better wurkje neffens dy partisipaasjewet. Je sjogge dat se dêr no folle mear op ynstekke."

Caparis biedt Ljouwert no kânsen

De gemeente Ljouwert sjocht dêrom kânsen foar har ynwenners. "Dan hoege je ek gjin eigen re-yntegraasjebedriuw op te setten", sa seit Feitsma. Hy seit mei klam dat se it foarearst net dogge: "We ha noch al muoite mei de komplekse bestjoersstruktuer binnen Caparis. Dat moat simpeler en dêr set Ljouwert him dan ek foar yn."

De gemeente Ljouwert hat in soad minsken ûnderbrocht by Caparis. It giet om 500 Ljouwerters. Ek 80 minsken út oare gemeenten wurkje yn Ljouwert foar Caparis. "Dêr biede wy no wissichheid foar", sa seit Feitsma.

Sjoerd Feitsma - Foto: Omrop Fryslân

"It belang fan sa'n organisaasje net ûnderskatte"

By Caparis sels binne se bliid. Direkteur Alex Bonnema: "It giet hjir om kwetsbere minsken. Je moatte net ûnderskatte wat it belang fan in organisaasje as dy fan ús is foar har. Minsken komme hjir byinoar, se binne hjir net allinnich yn de problemen dy't se somtiden ha."

Dochs wit ek Bonnema dat se der noch lang net binne: "Der komme noch tal fan feroarings oan. Benammen op it mêd fan de oanstjoering. Mar dit jout eltsenien in soad fertrouwen."

De gemeente Ljouwert hie al oankundige dit jier in kar te meitsjen. It kommende foarjier wurdt besjoen oft alle maatregels wol goed trochfierd wurde. As dat net it gefal is, wurdt besjoen oft der dochs net in eigen bedriuw opset wurde kin yn Ljouwert.

(advertinsje)