Nij wolveplan foar alle provinsjes: skea wurdt fergoede

30 okt 2018 - 19:25

Provinsjes bliuwe yn alle gefallen oant 2022 skea fergoedzjen dy't feroarsake wurdt troch wolven. Dat jildt net allinnich foar feehâlders, mar ek foar hobbydierehâlders. Dat stiet yn it nije wolveplan, dat troch de provinsjes makke is.

Foto: ANP

De provinsjes ha ynderhaast in nij wolvedraaiboek yn elkoar setten, nei't dizze simmer bliken die dat geregeld wolven yn Nederlân wiene.

Fryslân hat ek in Faunafûns ynsteld foar skeafergoeding. Yn ús provinsje is allinnich by skiep yn De Knipe is de skea fêststeld. Dêr gie it om in bedrach fan hast tûzen euro.

Goed foar de natuer

Ut ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins kaam nei foaren dat it foar de natuer in goeie saak wêze soe, as der wolven nei Fryslân kamen. Yn Poalen hie de oanwêzigens fan wolven positive effekten op jonge beamkes.

Trefwurden: 
wolf skiep wolveplan
(advertinsje)