Aris hat mei komst Tijme van Dijk wer genôch spilers

Basketbalklup Aris hat de 20-jierrige Tijme van Dijk taheakke oan de seleksje. De guard moat derfoar soargje dat benammen Deividas Kumelis wat sparre wurde kin. Dy moast no in soad yn aksje komme, om't Johnny Williams blessearre is.
© Aris Ljouwert
Van Dijk is in soan fan Anne van Dijk, de assistint-trainer fan Aris. De spiler kaam koartlyn oer fan Basketbal Academie Limburg nei BV Groningen. Van Dijk hat in dûbelde lisinsje, dêrom mei er foar BV Groningen én Aris spylje.
Mei de komst fan Van Dijk en ferline wike Leonardo Eltink hat trainer Tony Van den Bosch wer genôch spilers. Van Dijk en Eltink kinne sneon beide harren debút meitsje yn de thúswedstriid tsjin Zwolle.
Zwolle is koprinner en hat alle fiif wedstriden oant no ta wûn. Aris stiet fyfde mei trije oerwinningen yn fiif wedstriden.