Meiwurkers Meriant presintearje har ferhaal

30 okt 2018 - 18:48

De steatefraksje fan de PvdA wol fan deputearre Michiel Schrier witte wat hy fynt fan de ûntstiene sitewaasje by soarchynstelling Meriant. Neffens it fakbûn FNV en ferskate meiwurkers leit de wurkdruk by Meriant te heech en fiele guon minsken har yntimidearre.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Eangstkultuer

Fraksjefoarsitter Remco van Maurik seit dat, as der yndie in eangstkultuer hearsket by Meriant, it de soarch yn de regio It Hearrenfean, Wolvegea en Jobbegea ûnder druk set. "De zorgtekorten blijven stijgen. Toch doet de provincie steeds minder op het gebied van zorg en welzijn", fynt Van Maurik. Oan de deputearre hat de steatefraksje no de fraach hoe't de provinsje de problemen yn de soarch oanpakke wol.

'Als het je niet bevalt, dan hoepel je maar op'

Tiisdeitemoarn ûnder belangstelling fan sa'n 30 minsken by in parsegearkomste it 'Zwartboek' presintearre. Yn oparbeidzjen mei de FNV hawwe meiwurkers bewizen en klachten byhâlden.

De titel fan de beide rapporten is: 'Als het je niet bevalt, dan hoepel je maar op'. Meiwurkers wize dêrmei op de direkteur fan de soarchynstelling, Hugo Broekman. Hy soe sein hawwe dat meiwurkers mar net mear by Meriant wurkje moatte as se problemen hawwe yn 'e organisaasje dêr't sy wurkje.

By de gearkomste foel op dat der in soad emoasjes wienen by it persoaniel.

Direkteur Hugo Broekman wie sels net oanwêzich by de presintaasje fan it Zwartboek. Hy hat de ynhâld al trije kear ûnder eagen krigen. Wol seit er de sitewaasje tige serieus te nimmen en noch altyd yn petear wol mei sawol it fakbûn as de meiwurkers.

Hinke Spijker

Foar meiwurker Hinke Spijker is de tiid fan praten foarby. Sy siet oan tafel by de presintaasje fan de twa rapporten en hat sa bot lêst fan de wurkdruk dat har thússitewaasje der ûnder te lijen hat. "Mar myn grutste soarch is dat de minsken dy't ús oandacht nedich binne dat ek krije."

(advertinsje)