Twa Friezinnen yn Oranjeseleksje foar beslissingsduels tsjin Switserlân

30 okt 2018 - 18:33

Bûnscoach Sarina Wiegman fan de Nederlânske fuotbalfroulju nimt twa Friezinnen mei nei de twa beslissende wedstriden foar pleatsing foar it WK fuotbal: Sherida Spitse en Loes Geurts.

Loes Geurts - Foto: www.orange-pictures.nl

Om't Nederlân him net direkt pleatste foar it WK fuotbal fan takom jier, moat it fia de play-offs barre. Begjin oktober skeakele Nederlân yn de heale finales Denemarken al út. Yn de finale, dy't oer twa wedstriden spile wurdt, is Switserlân de tsjinstanner. Nederlân spilet op 9 novimber earst thús yn Utrecht. Op tiisdei 13 novimber is de return yn it Switserske Schaffhausen.

Foto: www.orange-pictures.nl

Spitse út Snits, dy't yn Noarwegen foar Våleranga spilet, is 153-fâldich international. Sy stiet nei alle gedachten ek tsjin Switserlân wer yn de basis.

Geurts wer ûnder de latte?

Nei Spitse hat Loes Geurts út Hichtum de measte ynterlannen spile fan dizze seleksje: 120. Geurts, dy't spilet foar Göteborg FC, keepte beide healefinalewedstriden tsjin Denemarken ek. Dat wiene lykwols har earste wedstriden foar Nederlân sûnt juny 2017. Se wie in skoft opholden as international, mar is dus wer werom.

It ôfrûne jier wie Sari van Veenendaal altyd basiskeepster foar Nederlân, mar om't sy net hielendal fit wie, spile Geurts tsjin Denemarken. Wa stiet tsjin Switserlân ûnder de latte? "Dat is aan de bondscoach", sei Geurts earder. "Ik doe gewoon m'n best. Als het nodig is, dan sta ik er."

(advertinsje)