Súdwest-Fryslân hat skjinste winkelsintra

30 okt 2018 - 18:23

De gemeente Súdwest-Fryslân hat fan alle middelgrutte gemeenten yn Nederlân it skjinste winkelgebiet. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Stichting NederlandSchoon. De winkelgebieten yn Súdwest-Fryslân wurde goed ûnderhâlden, der wurdt kwealik wat fernield en der is hast gjin graffity. Minsken dy't der komme binne der ek goed oer te sprekken dat it sa skjin is.

Wethâlder Erik Faber (l) en Arjan Rekers (r) nimme priis yn ûntfangst - Foto: Patrick van Katwijk

Foar de ferkiezing binne de ôfrûne moannen 581 winkelgebieten ûndersocht yn 125 ferskillende gemeenten. By de grutte gemeenten gie de winst nei Maastricht. By de lytse gemeenten wie dat Veere.

Ut ûndersyk fan NederlandSchoon docht bliken dat 70% fan de gemeenten ynset op skjinne winkelgebieten, omdat dat mear minsken lûkt. En dat smyt de winkels wer mear omset op. Boppedat fiele minsken har feiliger yn in skjin en noflik winkelgebiet, neffens NederlandSchoon.

(advertinsje)