Artistyk direkteur Ira Judkovskaja nimt ôfskie fan Tryater

30 okt 2018 - 18:15

De artistyk direkteur fan Tryater, Ira Judkovskaja, hat bekendmakke dat se nei 2020 net fierder giet as liedingjaande by it teäter. Se fynt it tiid foar nije minsken. Judkovskaja makket dizze fjouwerjierrige beliedsperioade noch ôf, mar mei yngong fan it seizoen 2020/2021 sil in nije artistyk direkteur oan it wurk gean.

Foto: Moon Saris

"Tijd om ruimte te maken voor nieuwe mensen"

Judkovsjaka is al tsien jier de artistyk lieder by Tryater. Har ynset wie ferjonging fan it teäter, nije teäterfoarmen en it fersterkjen fan de kwaliteit fan it jongereinteäter. De ferskaat fan it Fryske kulturele fjild is yn har tiid fergrutte, skriuwt Tryater.

"Ik voelde me hier vanaf het eerste moment thuis en dat is nog steeds zo", seit Judkovskaja. "De komende anderhalf jaar blijf ik met evenveel plezier en liefde hier aan het werk. Ik vind dat, na drie kunstenplanperiodes, de tijd is gekomen is om ruimte te maken voor nieuwe mensen, nieuwe invloeden en nieuwe inspiratie voor Tryater."

Gastregisseur

Judkovskaja begûn yn 2003 as gastregisseur by Tryater. Fan 2008 ôf folge sy Hans Man in 't Veld op en naam sy de artistike lieding op har. Yn har tiid as lieding wiene der in soad bysûndere projekten, wêrûnder De IIsfoarstin en Fan de stêd en it libben, dat ûnder oare yn Moskou spile waard.

Tagelyk wie der ek in yngripende reorganisaasje fanwege de besunigings fan steatssektaris Zijlstra yn 2010.

Dit jier draaide in soad om Kulturele Haadstêd, mei it iepeningswykein, Wereldburgers van de Voorstreek en Doarp Europa, dat noch oant heal desimber op ferskate lokaasjes yn Fryslân te sjen is.

Trefwurden: 
Tryater Ira Judkovskaja
(advertinsje)