Guozzen hawwe ôfrûne winter minder skea feroarsake

30 okt 2018 - 18:12

Guozzen ha ôfrûne winter 24 persint minder skea feroarsake oan de greiden yn fergelyk mei de twa winters dêrfoar. Dat docht bliken út in evaluaasje fan de provinsje. It is de provinsje net dúdlik, wêrom't de skea krekt ôfnaam is. Dêrfoar binne der noch te min gegevens bekend.

Foto: Henk Bootsma

Der wie ôfpraat yn it koälysje-akkoart dat de skeafergoeding oan boeren omleech gean soe at de skea net minder wurde soe. Dat wie om de boeren en jagers oan te setten om de skea te ferminderjen. De provinsje hoecht dizze saneamde bonus-malusregeling net ta te passen.

It giet om de plakken bûten de foerazjeargebieten, dêr't de guozzen yn alle rêst gers frette kinne. De fergoeding foar dy gebieten wie 100 persint, dêrbûten 80 persint.

Neffens ôfspraak

De skeafermindering fan 5 oant 10 persint is neffens ôfspraak helle, sa is de konklúzje. "Dochs moatte we dit guozzeseizoen, dat op 1 novimber begjint, wer folop oan de bak, omdat it tal guozzen ynternasjonaal bot tanimt", seit deputearre Johannes Kramer. "Dus boeren en jagers kinne no net achteroer hingje."

Trefwurden: 
skea guozzen
(advertinsje)