Wurkstraf easke foar wapens en drugs yn 'e auto

30 okt 2018 - 17:57

Tsjin in man fan It Hearrenfean is 180 oeren wurkstraf easke, omdat er twa kear pakt is mei drugs en wapens yn syn auto.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Plysjes seagen de man ferline jier riden mei in maat. Omdat it bekenden fan de plysje wiene, hâlden se harren oan en fûnen ynbrekkersark, hasj, speed, in boksbûgel, in stiletto en in kattepûl. In heal jier letter wie it wer safier, doe fûnen plysjes opnij drugs en in tal wapens.

De fertochte wurdt sûnt syn lêste arrestaasje behannele troch meardere helpynstânsjes. De offisier fan justysje easke dêrom gjin sel, om dat proses net yn de war te stjoeren. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)