Hûnehâlder wol net wike foar gemeente

30 okt 2018 - 17:38

In ynwenner fan Feanwâlden makket by de Ried fan Steat beswier tsjin de twangsommen dy't de gemeente Dantumadiel him oplein hat, omdat er tsientallen hûnen hâldt yn in tal seekonteners.

It gebou fan de Ried fan Steat yn Den Haach - Foto: Wikipedia, Creative commons

Neffens de gemeente binne de hûnen en de seekonteners yn striid mei it bestimmingsplan. Boppedat ha de buorlju lêst fan it leven dat de hûnen meitsje.

De hûnen sitte yn konteners op it terrein fan it autobedriuw fan de Feanwâldster, mar der wennet net ien. De advokaat fan de hûnehâlder seit dat de gemeente fout sit en dat der gjin fergunning nedich is foar it hâlden fan de hûnen. De Ried fan Steat docht oer seis wiken útspraak.

(advertinsje)