OV-chipkaart kin aanst ek op Skiermûntseach brûkt wurde
Skiermûntseach is it alderlêste plak yn Nederlân, dêr't je net yn it iepenbier ferfier net betelje kinne mei in OV-chipkaart. Mar fan 1 jannewaris 2019 ôf wurdt dat dochs mooglik. Sûnt 2011 is de rest fan Fryslân oergien op de OV-chipkaart, mar op Skier wie der gjin ferlet fan.
Neist de OV-chipkaart, kin der ek mei de pin betelle wurde en gewoan in kaartsje keapje kin ek noch. De provinsje stelt 95.000 euro beskikber oan Arriva foar de ynfiering fan apparaten en ûnderhâld.