Utjouwer GrootSneek wreidet út mei GrootBolsward/IJsselmeerkust

GrootSneek sil útwreidzje. It Snitser bedriuw jout op it stuit kranten út yn Snits, It Hearrenfean en De Fryske Marren, mar dêr komt fan 1 jannewaris ôf ek Boalsert en de Iselmarkust by. De nije krante krijt de titel GrootBolsward/IJsselmeerkust. Mei de nije krante hat GrootSneek no de hiele Súdwesthoeke as ferspriedingsgebiet.
GrootSneek wreidet út
De opmars fan GrootSneek is opmerklik. Fiif jier lyn begûn it bedriuw mei in krante foar Snits en omjouwing yn in tiid wêryn't it tal kranteabonneminten rûnom achterútgong. En ek no sjogge je eins allinnich mar weromrinnende sifers by de betelle kranten. "Dêr sit fansels in diel fan ús krêft. Wy binne leechdrompelich, want fergees", sa seit Ying Mellema, eigener fan GrootSneek.

Ferhalen fertelle

Mellema: "Mar it giet fierder as dat. Wy besykje ferhalen te fertellen, dy't ticht by de minsken lizze. Se moatte der echt in gefoel by ha. En je sjogge oan it sukses fan dy earste krante dat it wurket. Lêzers binne entûsjast en advertearders ek."
© Omrop Fryslan, Wytse Vellinga
Eigeners Ying Mellema en Marianne Bouwman fan GrootSneek
Yn 2016 kamen der al twa titels by: GrootHeerenveen en GrootFryskeMarren. Dat se no ek in aparte krante meitsje foar Boalsert en omjouwing leit neffens Mellema foar de hân. "Yn Boalsert binne se net sa ynteressearre yn wat der yn Snits bart. En oarsom ek net. Dat leit gefoelich. Boppedat wolle se yn Boalsert net in krante op 'e matte krije mei de namme GrootSneek."

Mear nije kranten

Oft der nei de Boalserter edysje noch mear nije kranten komme, wit Mellema noch net. GrootLeeuwarden en GrootDokkum soe neffens him noch best in mooglikheid wêze. Al is benammen Ljouwert in hiele grutte stap. Neffens Mellema hawwe je it dan al gau oer in oplaach fan 50.000 eksimplaren. "Mar ik slút it net út, want we dogge it noch altyd mei in soad wille en it smakket noch altyd nei mear."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga