Olde Riekerink start mei deselde alve yn bekerwedstriid tsjin amateurs

30 okt 2018 - 16:37

De seleksje fan SC Hearrenfean reizget tiisdeitemiddei al ôf nei Súd-Limboarch foar de bekerwedstriid tsjin Groene Ster. De spilers sitte lang yn 'e bus, want sportpark Pronsebroek leit op sa'n 293 kilometer fan it Abe Lenstra-stadion. Woansdei sil der noch traind wurde op keunstgers by RKVV Weltania út Heerlen en om 19.45 oere begjint dan de wedstriid yn de twadde ronde fan it TOTO KNVB bekertoernoai yn it Limboarchse Heerlerheide.

Nei alle gedachten sil trainer Jan Olde Riekerink gjin wizigingen oanbringe oan syn basisalve. Der binne genôch foarbylden fan trainers dy't reservespilers, dy't ticht tsjin it earste oansette, minuten jouwe yn bekerpotsjes tsjin amateurs, mar Olde Riekerink is dat net fan plan. "We moeten blijven vasthouden aan het originele idee", sa seit hy.

Tredde plak

Groene Ster spilet yn de haadklasse en stiet nei njoggen spylrondes op in dield tredde plak. Yn it bekertoernoai hawwe de Limboargers, mei ûnder oaren âld-proffuotballer Nathan Rutjes, earst FC Lienden útskeakele en dêrnei wiene se te sterk foar tredde difyzjonist TEC út Tiel.

SC Hearrenfean skeakele yn 'e earste ronde twadde difyzjonist Katwyk út troch in let doelpunt fan Sam Lammers (0-1).

Wierskynlike opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Floranus, Høegh, Bulthuis, Pierie; Thorsby, Rienstra, Vlap; Kobayashi. Lammers, Zeneli.

(advertinsje)