Gemeente Ljouwert en Friese Poort ûnderhannelje wer oer Cambuurstadion

30 okt 2018 - 16:23

De gemeente Ljouwert praat wer mei ûnderwiisynstelling ROC Friese Poort oer de bou fan in nij Cambuurstadion. Dat hat de gemeente tiisdeitemiddei bekend makke. Friese Poort stapte goed in wike lyn út de ûnderhannelingen, omdat de gemeente neffens de ûnderwiisynstelling syn ôfspraken nei neikomme soe.

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Fan meardere kanten waard roppen om it wer opstarten fan de ûnderhannelingen. Neffens de gemeente is dat no it gefal. Om dy reden wol Ljouwert it feiterelaas, mei dêryn de gong fan saken oant no ta, net nei bûten bringe. De gemeente is benaud dat dat de ûnderhannelingen skea tabringt. Riedsleden meie it feiterelaas wol ynsjen, mar dan fertroulik.

(advertinsje)