MCL krijt spesjale ôfdieling foar psychiatryske pasjinten

30 okt 2018 - 16:22

Sikehûs MCL yn Ljouwert begjint dizze wike mei in medysk-psychiatryske ôfdieling fan seis bêden. Dy is bedoeld foar pasjinten dy't sa'n psychiatryske problematyk ha, dat se net op in gewoane ferpleechôfdieling opnaam wurde kinne.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It bart faak dat sikehûzen pasjinten ha dy't njonken in lichaamlik probleem ek geastlik net yn oarder binne. Meastal giet dat prima, mar somtiden ek net. Foar dy gefallen is dy nije spesjale ôfdieling.

(advertinsje)