Flylân moat takom jier selsridend ferfier krije

In pilot mei selsridend ferfier moat, as alle seinen op grien stean, takom maaitiid úteinsette op Flylân. Dat sizze de provinsje Fryslân en de gemeente Flylân. It giet om in proef. By in fabrikant yn it Frânske Toulouse wurdt sjoen oft dy wat ûntwikkelje kin dat foldocht oan de easken. It ferfier moat yn alle gefallen de iepenbiere dyk op kinne.
Flylân moat selsridend ferfier krije
De provinsje Fryslân sjocht nei mooglikheden mei in app of in knop dy't it selsridende ferfier betsjinje moat. Yn de Flylanner polityk libbet al langer de winsk om te sjen nei ferfier tusken de feardaam en de jachthaven. It hjoeddeistige busferfier slacht it havengebiet en it yndustrygebiet fan it eilân oer.
Selsridend ferfier Flylân © Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Mingde reaksjes

Op it eilân binne wikseljende reaksjes op de plannen. "Wij als VVV Vlieland staan wel achter de plannen", leit Annie Beiboer út. "Het is wel een drukke weg, dus zo'n proef moet uitwijzen of het veilig is." De dyk nei de jachthaven wurdt in soad brûkt troch frachtferkear.
De soargen fan Flylanners gean ek út nei oare saken: "Ik hoopje wol dat de toeristen de natuer noch sjen bliuwe", seit Marije Wartena. "En it mei net ta koste gean fan banen by bygelyks ús taksyferfierders."
Jelle van der Hoek, dy't by fytsferhierder Jan van Vlieland wurket, hat twivels oer selsridend ferfier. "Ik vind het helemaal niets. Ik snap het idee niet. Hier is geen doelgroep voor. Van hier naar de jachthaven is maar een klein stukje. Mensen in de jachthaven huren wel fietsen en de mensen die bij de veerdam aankomen, hebben niets te zoeken bij de jachthaven."
Mingde reaksjes op it plan foar selsridend ferfier op Flylân

Proef yn Eaststellingwerf

Yn septimber 2016 sette de gemeente Eaststellingwerf útein mei in proef foar in selsridende bus. Dy waard nei in pear dagen lykwols alwer stilset. Reden wie doe dat fytsers yn de berm fan it fytspaad stean moasten, om it buske passearje te litten. Te gefaarlik, sa fûn Eaststellingwerf. Dat buske ried op elektrisiteit en waard begelaat troch in steward, foar it gefal der wat misgie.