Twa jier sel easke tsjin snackbaroerfaller

Justysje easket twa jier sel tsjin in 42-jierrige Ljouwerter dy't fertocht wurdt fan belutsenens by de oerfal op in snackbar oan de Jan van Scorelstraat yn Ljouwert. De oerfal waard dien troch in 21-jierrige frou út Ljouwert. De eask tsjin har is seis moanne jongereindetinsje én seis moanne ûnder betingst.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De oerfal wie op 30 augustus 2016. It personiel fan de snackbar waard bedrige mei in fjoerwapen. De twa soenen de oerfal mei har twaen bepankoekbakt hawwe: sy gie nei binnen ta, hy soe bûten wachtsje. Der soe ek in tredde persoan by belutsen wêze. Dy sei dat beide fertochten foar en nei de oerfal by him thús west wiene.
De trije fertochten binne in lyts jier nei de oerfal oanholden.

Adolesintestrafrjocht

De reklassearring advisearre om yn har saak it adolesintestrafrjocht ta te passen. Dêr gie de offisier fan justysje yn mei.
Dat tsjin de man twa jier sel easke wurdt, hat dermei te krijen dat er al in lang strafblêd hat. Hy hat him ferskate kearen skuldich makke oan dieverij mei geweld.