Folkstún en skoalbern Toppenhuzen nominearre foar priis

In projekt yn Toppenhuzen is nominearre foar de ferkiezing 'Smaakmaker van het jaar 2018' fan Kerk in Actie. It giet om 't Sprútsje, fan de protestantske gemeente fan Top en Twel mei basisskoalle 't Harspit. Dêrby geane bern út de groepen fiif oant en mei acht oan it wurk yn de folkstún yn Toppenhuzen. Se krije help fan frijwilligers fan de tsjerke.
© CBS It Harspit
De blommen dy't se siedzje, binne bedoeld foar saken of minsken yn it doarp dy't wol in bytsje stipe brûke kinne. De oare opbringst fan de tún giet nei de bern sels en minsken dy't help fan de tsjerke krije.
Kerk in Actie wol mei de ferkiezing goeie diakonale inisjativen beleane. Njonken 't Sprútsje binne der noch seis oare projekten nominearre. Op 10 novimber wurdt bekend wa't wûn hat.