UPDATE: Skipswerf Barkmeijer Strobos is fallyt; kurator beneamd

30 okt 2018 - 17:22

Skipswerf Barkmeijer Strobos is fallyt ferklearre. It bedriuw hat tiisdei earder op de dei fallisemint oanfrege. Yntusken hat de rjochtbank yn Grins it fallisemint útsprutsen en in kurator tawiisd. By it bedriuw wurkje 150 minsken. It personiel is tiisdeitemiddei om tolve oere ynljochte. Der binne jildproblemen by de skipswerf.

Foto: Barkmeijer

"We wisten dat de situatie niet fantastisch was, maar dit komt voor ons als verrassing", seit CNV-bestjoerder Sijtze de Bruine. It wurk by de skipswerf giet foarearst gewoan troch. Der is ek noch genôch wurk, neffens De Bruine.

"Nog drie schepen zijn in behandeling en eentje in voorbereiding. Daarom werkt deze stap van faillissementsaanvraag toch bevreemdend. Maar onvermijdelijk kennelijk, want de Rabobank heeft de geldkraan dichtgedraaid."

Sijtze de Bruine fan fakbûn CNV

Kurator

Njonken de 150 meiwurkers, wurken der ek 30 útstjoerkreften. Dy binne tiisdei al nei hûs ta stjoerd. "Dit is een klap voor de sector. De volgende stap is dat we zo snel mogelijk een bijeenkomst voor de medewerkers organiseren en hen bijstaan."

Der is yntusken in kurator beneamd, meldt Dagblad van het Noorden. Dat is Marco Kalmijn. Barkmeijer helle begjin ferline jier noch in oarder fan 70 miljoen euro binnen foar de bou fan twa skippen foar in Britsk baggerbedriuw. De skipswerf bestiet al hast 170 jier.

(advertinsje)