Bouwe de Boer beneamd ta earste enerzjykommissaris fan Fryslân
Jongeren en froulju moatte aktiver wurde op it mêd fan duorsumens en de oerstap nei duorsume enerzjy. Dat seit de nije enerzjykommissaris fan Fryslân Bouwe de Boer. Hy is tiisdei by in 'energie-ontbijt' yn it sintrum foar duorsumens fan ROC Friese Poort beneamd as earste enerzjykommissaris fan Fryslân. Ek Grinslân en Drinte krigen tiisdei in eigen enerzjykommissaris.
De beneaming waard dien troch de nasjonale enerzjykommissaris Ruud Koornstra. Dy waard begjin 2017 beneamd om by de polityk en it bedriuwslibben mear oandacht te freegjen foar de omslach nei skjinne en feilige enerzjy, en om inisjativen op dat mêd ûnder de oandacht te bringen en te stimulearjen.
Jongeren en froulju yn minderheid
De nije Fryske enerzjykommissaris De Boer is al jierren aktyf mei ferduorsuming yn Fryslân. Yn syn wurk is it him opfallen dat jongeren en froulju faak swier yn de minderheid binne op gearkomsten oer ûnderwerpen dy't mei duorsumens te meitsjen hawwe. Hy wol dêr wat oan dwaan. Neffens him moat der de kommende tweintich jier in hiel soad barre om de omslach te meitsjen nei skjinne enerzjy.
Dat is yn 't earste plak in saak foar de jeugd dy't hjir stal oan jaan moat, mar ek froulju kinne folle mear dwaan fia harren netwurken, seit De Boer. Om syn ideeën stal te jaan wol hy syn boadskip mear útdrage op skoallen en by frouljusgroepen, sa as bygelyks Vrouwen van Nu. Ek stribbet hy dernei dat studinten punten krije, as se meidogge oan aktiviteiten dy't mei duorsumens te krijen hawwe.
Nederlân foar 2030 duorsum
De nasjonale enerzjykommissaris en de provinsjale enerzjykommissariaten binne in inisjatyf fan de Nationale Energiecommissie. Dat is in frijwilligersorganisaasje fan ûndernimmers, wittenskippers, amtners, bestjoerders en gewoane boargers dy't harren ynsette om Nederlân foar 2030 hielendal oergean te litten nei skjinne en feilige enerzjy. De kommissariaten binne folslein frijwillich en ûnbetelle.