Foar de bêste patat fan Nederlân moatte je nei Burgum

30 okt 2018 - 12:42

"Fantastysk!" Dat is de reaksje fan Bauke van der Meer, eigener fan Restaria 't Luifeltje yn Burgum. Syn saak is troch fakblêd De Snackkoerier útroppen ta bêste snackbar fan Nederlân. 't Luifeltje bakt lykwols net allinnich de lekkerste patat fan ús lân, mar krijt fan de sjuery fan it fakblêd ek de heechste sifers foar syn hamburgers, nei eigen resept. Boppedat makket it kreas fersoarge terras fan 't Luifeltje yndruk.

Ferslachjouwer Simone Scheffer praat mei snackbareigener Bauke van der Meer

"Ik hie dit echt net ferwachte", seit Van der Meer de moarntiid nei de grutte feestjûn. De priis waard útrikt op in spesjale jûn yn Hilversum. "Myn freonen seine al dat ik it fertsjinne om te winnen, om't ik de saken sa goed foarinoar haw, mar nûmer ien hie ik nea ferwachte."

Van der Meer hie mear rekken hâlden mei miskien in moai plakje yn de top fiif. Dat er der úteinlik mei de heechste notearring fan tusken gie is foar him in dream. "Fantastysk! In beleanning foar 33 jier ûndernimmerskip. It is hiel hurd wurkjen, dus ik bin hiel bliid."

Alles watst joust dat krijst wer werom, dêr leau ik yn.

Bauke van der Meer, winner Bêste Snackbar fan Nederlân

No is de fraach fansels wat Van der Meer krekt docht om dizze titel binnen te heljen. Neffens de ûndernimmer is dat lykwols net sa dreech. "Altyd dyn bêst dwaan, en nea opjaan", seit er kordaat. "En fansels moatst goed omgean mei de minsken dy't hjir wurkje, iepen wêze! Alles watst joust dat krijst wer werom, dêr leau ik yn."

Dêrnjonken brûkt it Restaria yn Burgum allinnich mar A-produkten, en kinne klanten sels harren eigen hamburger gearstalle. "Maatwurk" neffens Van der Meer.

It sirkus kin begjinne

De titel 'Bêste Snackbar fan Nederlân' is lykwols noch mar in begjin. No't de grutte priis binnenhelle is, kin it sirkus begjinne. "Wy binne al warskôge dat der in soad op ús ôfkomme sil. Fan fan 'e moarn healwei sânen ôf stiet myn telefoan al readgleon", fertelt Van der Meer. "Elkenien wol de saak sjen, en ûnderfine wat wy dogge."

Mear Fryske toppers

Njonken 't Luifeltje hawwe mear Fryske snackbars dit jier in prima sjueryrapport krigen. Sa stean de Dikke Draai út Surhústerfean en De Greiden op It Hearrenfean beide by de bêste tsien mei respektyflik in sechsde en in achtste plak.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer
(advertinsje)