Tekoart oan pleechâlden foar âldere bern

30 okt 2018 - 11:45

In krûpke, oandacht en in bakje tee nei skoaltiid: it binne de gewoanste saken yn in famylje, mar foar pleechbern Arline de Vogel is it hiel bysûnder. "Dat heb ik vroeger nooit gehad, maar die liefde kreeg ik wel van Bart en Rebecca." Arline wennet sûnt har sechstjinde net mear by har biologyske âlden. Se hie it gelok dat se by de famylje Visser telâne kaam, want Fryslân hat in grut tekoart oan pleechâlden dy't âldere pleechbern yn hûs nimme. "Op dit moment hebben we 15 kinderen op de wachtlijst voor een pleegouder. Dat zijn er 15 te veel", seit Janine Siebesma fan Jeugdhulp Friesland.

Pleechâlden binne benaud dat it opfangen fan jongerein folle dreger is neffens Sibesma. "Die kinderen hebben over het algemeen een grotere emotionele rugzak en hechten zich minder snel." Mar ek âldere pleechbern hawwe it wol hiel bot nedich om yn in gesin grut te wurden, Arline is dêr it foarbyld fan.

Foar Arline wie it net mear mooglik om thús te wenjen. "Of ik vrijwillig het huis uit gegaan ben? Ik denk niet dat je dat zo kan zeggen. Ik ben niet letterlijk gedwongen, maar als kind kies je hier ook niet voor."

In jier lang hat se yn jongereintehûzen wenne, mar dat wie net it goede plak foar har. "Je leert daar om zelfstandig te zijn bijvoorbeeld eten koken of schoonmaken. Alles is daar heel professioneel en niet persoonlijk. Dat werkte niet voor mij", fertelt se. "Daarbij kwam dat ik anorexia had. Dat heb ik toen aan niemand verteld. Maar ik wist dat ik meer hulp nodig had dan dat ik daar kreeg."

Aandacht, knuffels of een bakje thee na schooltijd. Dat soort kleine dingen waren al zo speciaal voor mij.

Arline de Vogel

Krûpkes by de famylje Visser

Doe't Arline yn in jongereintehûs siet yn Ljouwert kaam se in pear kear oer de flier by famylje Visser. "Wij twijfelden nog of we pleegouders wilden worden", seit heit Bart Visser. Hy en syn frou Rebecca wiene dêrom in opfanggesin foar koarte termyn. Foar in pear dagen of in wykein, as de bern dat nedich hiene.

Yn 2013 moast it jongereintehûs ticht en socht Arline in oar plak om te wenjen. "Ik en mijn vrouw hebben besloten om het te proberen. Zo is Arline bij ons in huis gekomen." In oare tiid begûn foar Arline. "Aandacht, knuffels of een bakje thee na schooltijd. Dat soort kleine dingen waren al zo speciaal voor mij. Dat heb ik vroeger nooit gehad en daar ging het voor mij ook om."

Arline de Vogel - Foto: Omrop Fryslân

Benaud om te hechtsjen

Foar Bart wie it gefoel yn it begjin wol dûbeld. "We moesten eerst aan elkaar wennen. Ze had veel meegemaakt en daar mee omgaan is veel heftiger dan dat je je in het begin realiseert." De ôfspraak wie earst dat Arline in jier bliuwe soe, mar dêr kaam al gau feroaring yn. "Het voelde zo goed dat ik me snel begon te hechten aan de familie. Ik raakte volledig in paniek. Ik wilde me niet aan iemand hechten als ik daarna weer weg moest."

Arline is yn petear gien mei Bart en Rebecca en al gau waard it dúdlik dat se net fan plan wiene om har gean te litten. Ek de oare twa bern fan Bart en Rebecca ha har folslein opnaam yn de famylje seit Bart. "Onze eigen kinderen waren hier heel open in. Ik vind dat erg bijzonder. Ze accepteerden haar gelijk en waren enthousiast dat we dit wilden doen."

Door Arline zijn wij anders naar het leven gaan kijken.

De famylje Visser

Bart kin it him wol foarstelle dat minsken it spannend fine om pleechâlder te wêzen fan jongerein: "Ze hebben veel meegemaakt en een eigen ontwikkeld karakter. Dat maakt het lastiger. Maar je krijgt er ook veel voor terug."

De famylje Visser hat koartlyn noch in pleechbern yn harren gesin opnaam. "Door Arline zijn wij anders naar het leven gaan kijken. Dingen die wij heel normaal vinden in onze familie, zijn voor haar niet normaal. Daar word je wel dankbaar van."

Arline hopet dat se minsken mei har ferhaal fan gedachten feroarje kin: "Ik gun jongeren ook een gezin als dat van Bart en Rebecca. Er is zo veel liefde en ze hebben zo'n groot hart. Dit kun je niet vergelijken met een jongerenhuis."

Foto: Omrop Fryslân

"Ik zeg nooit nooit"

Yntusken wennet Arline net mear by Bart en Rebecca yn hûs, mar komt wol meardere kearen yn 'e wike by harren del. "Ik ga ook nog steeds met ze op vakantie en noem ze ook mijn ouders. Zo voelt het ook echt. In een zekere zin hebben ze wel mijn leven gered."

Om har ferhaal te fertellen oan oaren is Arline frijwilliger by Ixta Noa, in organisaasje dy't minsken mei psychyske problemen stipet. "Ik merk dat ik snel een klik heb met de mensen die er komen. Ik kan laten zien dat het ook echt goed kan komen."

Arline hat op dit stuit gjin kontakt mei har biologyske âlden en wol ek net op har ferline mei har âlden yn gean. "Ik weet niet wat de toekomst gaat brengen. Misschien krijgen we ooit wel weer contact. Ik zeg nooit nooit."

Trefwurden: 
pleechbern pleechâlden
(advertinsje)