Jild foar ferbetterjen wetterkwaliteit Noardlike Fryske Wâlden

30 okt 2018 - 11:26

Foar it ferbetterjen fan de wetterkwaliteit yn de Noardlike Fryske Wâlden is de kommende trije jier 50.000 euro beskikber. Leden fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden (NFW) dy't oan agrarysk natuer- en lânskipsbehear dogge, kinne út dit budzjet in behearfergoeding krije. It jild komt fan de provinsje en Wetterskip Fryslân.

Foto: A. Baken

Mei it jild moatte boeren harren sleatten op in duorsume wize skjinmeitsje en in râne gers by it wetter stean litte. Dit is goed foar de biodiversiteit en de wetterkwaliteit, seit de NFW. Sleatten dy't ûnder behear binne fan de provinsje, gemeenten of Wetterskip Fryslân komme net yn oanmerking foar in bydrage.

Agrarysk grûnbesitters yn de Noardlike Fryske Wâlden kinne har oant 14 novimber by de NFW oanmelde foar in behearfergoeding.

(advertinsje)