Weststellingwerf no ek foar staasjejild op fleskes en blikjes

30 okt 2018 - 11:09

De gemeente Weststellingwerf slút him no dochs noch oan by de Staasjejild-alliânsje. Dy wol it staasjejildsysteem útwreidzje nei blikjes en lytse plestik fleskes.

Foto: Omrop Fryslân

Sa moat it swalkôffal werom brocht wurde. Alderhande bedriuwen, miljeuorganisaasjes en lokale oerheden dogge al mei oan de alliânsje. Earder dit jier wie in mearderheid fan de gemeenteried noch tsjin dielname oan de alliânsje, mei as gefolch dat Weststellingwerf de iennichste Fryske gemeente wie dy't net meidie.

De fraksje fan GrienLinks brocht it moandeitejûn opnij yn en dizze kear mei mear sukses.

(advertinsje)