Trije Fryske restaurants yn Top 100 Lekker 2019

30 okt 2018 - 10:42

Der steane trije Fryske restaurants yn de Top 100 fan Lekker 2019. Op it 40-ste plak stiet it restaurant De Heeren van Harinxma yn Beetstersweach as heechste restaurant yn Fryslân.

Menukaart - Foto: Shutterstock.com

It restaurant stie ferline jier ek op it 40-ste plak. Op nûmer 58 fine we Elévé yn Ljouwert werom. Dat is wol 5 plakken sakke, want ferline jier stie it noch op it 53-ste plak. Restaurant 't Havenmantsje yn Harns sakke fan it 76-ste nei it 80-ste plak.

Boppeoan de list wikselen Inter Scaldes yn Kruiningen en De Librije yn Swolle fan plak. Inter Scaldes giet fan 2 nei 1 en De Librije sakke in plakje. De Leest yn Vaassen gie fan it 4-de nei it 3-de plak.

(advertinsje)