De puzzel fan de Dokkumer iisfontein: "It is one hell of a job!"

30 okt 2018 - 10:35

It jier fan Kulturele Haadstêd 2018 sit der hast op, en noch hieltyd is der gjin fontein yn Dokkum. It is de bedoeling dat de iisfontein fan de Nederlânske keunstner Birthe Leemeijer sawol winters as simmers iis produsearret. Dit is technysk tige yngewikkeld en dêrom is der mear tiid nedich foar it meitsjen fan de fontein.

Foto: Omrop Fryslân

Net allinnich de technyk hat foar fertraging soarge foar de Dokkumer fontein. Yn desimber 2017 waard it wurk oan de iisfontein in tal wiken stillein troch de rjochter. In ûndernimmer oan de Dokkumer Merk hie de rjochter frege om it wurk stil te lizzen, omdat se it net iens wiene mei de werynrjochting fan it plein en de komst fan de iisfontein.

Mar op dit stuit steane alle ljochten op grien, en kin der lang om let wurke wurde oan de lêste fontein. Dit bart yn de loadsen fan de Mannen van Staal yn Ljouwert. "Wy hawwe de mal no klear, mar as wy in pear wike fierder binne dan liket it al heel oars", fertelt Theunis Bakker, ien fan de manlju dy't belutsen is by it meitsjen fan de iisfontein.

Koper is it antwurd

De fontein soe mei beton omklaaid wurde, mar dat giet no net mear troch. "It hat bliken dien, dat beton tefolle enerzjy fret", leit Bakker út. "As je in frij dikke betonnen skulptuer hawwe, dan giet dêr tefolle enerzjy yn sitten en bliuwt der neat mear oer om it iis fan te meitsjen."

Dêrom is der no keazen foar in koperen konstruksje. "Elk wit dat koper goed liede kin! Dêr wie de keunstneres fuortendaliks entûsjast oer, en ek om't de kleur fan koper har wol oanstie."

Nei't de kar foar koper makke wie is earst in proefmodel makke, om te sjen hoefolle enerzjy it kostet om iis te foarmjen en de skulptuer te kuoljen. Dêr is úteinlik útkaam dat it keunstwurk yndie yn koper kin. Mar dêrmei is de fontein noch net sa 1, 2, 3 makke.

"Sa'n grut wurkstik fan koper hawwe wy sawiesa noch nea makke", fertelt Bakker. "En dizze dûbelfoarme platen (se binne bol en hol), dat hawwe wy noch nea dien. En dêr komt it laskjen fan koper noch by, dat is ek nij foar ús."

Bakker jout dêrnei in krêftige gearfetting fan de klus: "It is one hell of a job!"

Foto: Omrop Fryslân

Stappen meitsje

De keunstneres komt sa no en dan wol del, mar it is net sa dat se alle dagen op 'e stoep stiet om de faklju te kontrolearjen. "Se is tige entûsjast, en se fynt it geweldich dat der no lang om let aksje is!" It wurdt no lykwols in striid om de fontein noch 'op tiid' ôf te krijen.

(advertinsje)
(advertinsje)