Fermiste jonge (13) nei oeren fûn op de Iselmar

30 okt 2018 - 08:09

Rêdingboaten fan de KNRM fan De Lemmer, Lelystêd, Enkhuizen en Urk hawwe moandeitejûn en moandeitenacht oerenlang yn aksje west om in fermiste jonge (13) te sykjen. Sy krigen dêrby help fan fiskersboaten fan Urk, en in helikopter fan de kustwacht. Dat meldt Omroep Flevoland.

Iselmar - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Neffens in wurdfierder fan de Kustwacht is de jonge moandeitejûn krekt nei 18:00 oere mei syn sloep de haven fan Urk útfearn. Dêrnei waard neat mear fan him fernaam. Tsjin middernacht waard de Kustwacht ynskeakele om de jonge te finen. Der waard grut opskaald, wêrtroch't ek de ôfdieling fan De Lemmer útfarre moast.

De sykaksje rjochte him fanwege de hurde wyn earst op it gebiet tusken de Markerwaarddyk en de Ketelbrêge. Uteinlik waard de sloep om 1:45 weromfûn by de dyk tusken Lelystêd en Enkhûzen. In heal oere letter seagen helptsjinsten de jonge rinnen op de dyk.

Nei't er troch in ambulânse kontrolearre wie, mocht er nei hûs. Wêrom't de jonge allinnich de mar op gie by jûntiid, en wat der allegearre bard is, is net bekend.

Trefwurden: 
fermissing Iselmar
(advertinsje)