Kollum: "Joop Sojamelk"

30 okt 2018 - 07:23

"Fan 't wykein hawwe wy de earste winterske bui hân, dat foar't wy it witte sitte wy yn 'e krystdagen. En krekt as altyd hoopje de measte leafhawwers fansels op in wite krysttiid. Hoewol't ik dat 'wite' der better ôflitte kin, fanwegen 'rasistysk'. No't ik deroer neitink jildt dat überhaupt foar de krysttiid: it fenomeen fan de kristlike feestdagen is de lêste jierren kontroversjeel wurden.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Tagelyk kinne je jin de fraach stelle wat tsjinwurdich net kontroversjeel en rasistysk is. Pipernuten mei 'authentieke VOC-kruiden' binne hartstikke fertocht, lykas it drinken fan molke. Dat bewearde PETA yn alle gefallen, de grutste bisterjochteorganisaasje fan de wrâld. It drinken fan molke is fertocht om't it de drank by útstek foar oerhearskers is, in symboal fan blanke supremasy. PETA wie wol sa tûk om dy útspraken allinne mar oan te heljen, en troch te ferwizen nei 'white supremacists' dy't soks by de ein hawwe.

Foar PETA wie it dus net mear as clickbait om omtinken foar harren boadskip te freegjen, nammentlik dat it drinken fan molke dien wêze moat om't it bistemishanneling is. Jo kinne it iens wêze of net mei it stribjen fan sa'n groepearring, mar it feit dat se sa'n strategy brûke om harren boadskip oan 'e man te bringen makket harren like slim as dy folsleine idioaten fan rasistyske klups. Se smite oalje op in fjoer dat al heech oplôget. Troch soks op sa'n wize út te spyljen diskwalifisearje je josels as organisaasje.

Dat wat sokke aksjes sa mislik en te fersmiten makket is dat it liket as binne alle molkedrinkers rasisten. Dat is de suggestje. En dat jildt ek foar allerhanne oare saken. Troch yn it wylde wei mar mei de gjalp 'rasisme' te struien binne alle molkedrinkers rasisten, krekt as dat alle lêzers fan Kuifje rasisten binne, alle besikers fan de Efteling, minsken dy't Sinteklaas fiere, alle supporters fan in fuotbalklup omdat in bekend bananemerk in grutte opblaasbanaan by wize fan reklamegadget op it fjild smite liet. It stigma dat de supporters sadwaande krigen hawwe is folslein ûnrjochtlik.

It is in dwylsin dy't as in epidemy om him hinne grypt. De saneamde 'striid tsjin rasisme' kriget stadichoan in totalitêr karakter. It fanatisme dêr't alles en elkenien op 't heden foar rasistysk útmakke wurdt begjint op in heksejacht te lykjen, sa't in kommentator lêsten terjochte opmurk. De begripen ras en rasistysk wurde ek hieltyd fierder oprutsen.

It kin hjoed-de-dei fan alles betsjutte. As de term ynstitúsjoneel rasisme falt giet it oer kultuer, tradysjes, taal, gewoanten en ideeën. Mei oare wurden: blanke minsken (want dêr giet it blykber allinne om) binne rasistysk sûnder dat se it sels yn 'e gaten hawwe. As blanke binne jo altyd en by definysje skuldich.

Sa'n breed rasismebegryp is net te wjerlizzen, ek al springt men heech en leech. Blanke Westerlingen moatte weropfieden wurde. En soks is wat eltse totalitêre beweging wol: oaren, minsken dy't se as tsjinstanners sjogge, weropfiede. Hawar, ik haw ûnderwilens myn listjes fan it hurdfytsen al oanpast: de lêste Nederlanner dy't de Tour wûn hat is Joop Sojamelk."

(advertinsje)