Mooglik takom jier op 'e nij drûchteproblemen

29 okt 2018 - 23:05

Mooglik sille we ek takom jier problemen krije mei de drûchte. Dat seit wetterskip Rijn en IJssel, dy't it wetter yn it easten fan Gelderlân beheart. De natuer kin pas herstelle fan de drûchte fan dit jier as it de kommende moannen elke dei behoarlik reint. Mar dat liket net sa realistysk. It grûnwetter stiet yn parten fan it lân in meter leger as normaal en sakket, sels nei wat buien, noch hieltyd.

Fryslân

Yn Fryslân spylje dizze problemen nei alle gedachten ek en dan foaral yn it sudeasten fan de provinsje, seit dykgraaf Paul van Erkelens fan Wetterskip Fryslân. Mar dat moat ûndersyk nei it grûnwetter yn Fryslân fierder útwiize.

It probleem yn Fryslân is dat der net genôch mjitpunten binne. Dêrtroch wit Wetterskip Fryslân net goed hoe't it steld is mei ús grûnwetter, seit Paul van Erkelens. Feit bliuwt neffens him wol dat der genôch wetter falle moat dizze winter.

Erkelens: "Als er niet genoeg regenwater valt, dan staan we met de rug tegen de muur. Dan beginnen we in het voorjaar met een achterstand en als een nieuwe zomer ook droog wordt, dan stapelen de effecten zich op."

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Als er niet genoeg regenwater valt, dan staan we met de rug tegen de muur.

Paul van Erkelens

Reinwetter fêsthâlde

It Wetterskip kin dizze problemen net samar oplosse, mar sil wol mei de brûkers yn it gebiet sjen nei wat se dwaan kinne op de pine te fersêftsjen. Om it reinwetter yn drûge gebieden sa goed mooglik fêst te hâlden, moatte de keardammen omheech en moat der sa min mooglik wetter fergriemd wurde.

It is in lêstich karwei, seit Van Erkelens. Neffens him moatte we de drûchte net as útsûnderlik sjen, mar soargje dat der previntyf in oplossing komt.

"Dat gaat niet alleen over de waterhuishouding, maar ook over hoe ga je met akkerbouw om. De overheid kan dit probleem niet alleen oplossen."

It ûndersyk fan Wetterskip Fryslân nei it grûnwetter sil oer in pear moannen mear ynformaasje opsmite.

(advertinsje)
(advertinsje)