Gemeenteried It Amelân: Foarrang foar Amelanners by tawizen hierwenten

Amelanners soene foarrang krije moatte by de tawizing fan in hierhûs. Dat fynt de hiele gemeenteried fan it waadeilân. It wie in plan fan AmelandEén en de PvdA. De twa partijen krigen moandei stipe fan de hiele ried.
De fjoertoer op It Amelân © Omrop Fryslân
Der is net in soad wenromte op it eilân en no komt it, wat de ried oanbelanget, te faak foar dat wenningsykjenden fan de fêste wâl de sosjale hierwenten tawiisd krije. Amelanners fiskje dêrtroch efter it net. Hoe faak krekt wisten de makkers fan de plannen net, mar yn alle gefallen té faak, neffens PvdA-riedslid Irma Marinus. Sy siket mei de koälysjegenoaten fan AmelandEén nei in wize om de jongeren fan it eilân foarrang te jaan.
Wa't yn oanmerking komme wol foar in gemeentlike hierwenning, moat ekonomysk of maatskiplik in bân ha mei it eilân. Dejinge dy't it langst ynskreaun stiet, kin as earste oanspraak meitsje op in wenning.

Net diskriminearje

It plan waard troch alle fraksjes stipe, mar der moat net diskriminearre wurde, warskôgen guon. "Dat zou men kunnen gaan roepen", sei Han van Heerde fan Ameland'82. En Piet IJnsen fan Algemeen Belang Ameland woe oanjaan hoe yngewikkeld oft de kwestje is: "Op het moment dat iemand hier een baan heeft en zich inschrijft, is hij ook eilander."
Wethâlder Theo Faber sei ta dat er útsykje sil oft in oanpassing fan de Húsfêstingsferoardening juridysk sjoen mooglik is en oft it oanslút by de praktyk. It moat boppedat foldwaan oan de regels fan de Europeeske Uny.