Ferkeappunt medisinale wyt foar Weststellingwerf "brêge te fier"

29 okt 2018 - 22:21

De gemeenteried fan Weststellingwerf fynt ien maatskiplik akseptearre lokaasje foar medisinale wyt in stap te fier. De partij Sociaal Duurzaam Weststellingwerf (SDW) hie moandei in moasje yntsjinne, mar dy krige gjin stipe. Nei in debat hat SDW de moasje ek wer ynlutsen.

Foto: ANP

As der sa'n plak komme soe, soe de gemeente tafersjoch hâlde moatte op de lokaasje dêr't de "mediwyt" útjûn en produsearre wurdt. Dat is neffens boargemaster André van de Nadort gjin taak foar de gemeente. "En we hebben er geen capaciteit voor." De boargemaster is der wol fan oertsjûge dat medisinale wyt minsken helpe kin. Hy sjocht ek dat it brûken derfan hieltyd mear akseptearre wurdt.

Ferskate partijen wiisden SDW derop dat minsken no op doktersadvys al medisinale wyt krije kinne by apoteken. Fierder wolle se net gean. De VVD en de CDA yn Weststellingwerf wolle net dat de gemeente yn striid mei de Opiumwet hannelet. Dat mei net, sizze de partijen.

Offaller foar 688 petysjetekeners

Dat SDW de moasje ynlûkt, is in ôffaller foar Mark Ensing út Wolvegea. Hy bea de boargemaster earder op de jûn in petysje oan út namme fan 688 minsken. Sy wolle dat der yn Weststellingwerf in lokaasje komt dêr't minsken medisinale wytoalje krije kinne.

Ensing makket him al jierren hurd foar in winkel foar medisinale wyt. No ferbout er sels yllegaal wyt of moat er it yn it yllegale sirkwy sykje. Hy hat ferlet fan de medisinale wytoalje fanwege syn eigen sûnensproblemen. Ien fleske kostet him 80 euro en hy hat op syn minst fjouwer fleskes de moanne nedich.

Mooglikheden ferkenne

Durk Dubling fan SDW fynt dat it yllegaal ferkrijen fan it produkt net winsklik is en joech oan dat de gemeente in soarchplicht hat oan har ynwenners. It wie lykwols dúdlik dat der gjin draachflak wie om as gemeente no de grinzen fan de wet op te sykjen. D66 fûn dat der earst mar ris besjoen wurde moast wat juridysk mooglik is.

(advertinsje)