Kollumerpomper (76) frijsprutsen foar bedriging bern mei pistoal

De rjochtbank hat in 76-jierrige man út Kollumerpomp frijsprutsen fan it bedriigjen fan twa bern mei in pistoal. Hy soe yn july dit jier in pistoal op de bern rjochte ha, mar neffens de rjochter wie der net genôch bewiis.
Rjochter © Shutterstock.com
De twa bern, in jonkje fan 12 en in famke fan 10, hiene tsjin de plysje sein dat de man in pistoal op harren rjochte hie. Hy soe sels sketten ha, op it momint dat de bern fuortrûnen. De man hat dat direkt ûntkend. Hy wie nei eigen sizzen net iens thús.
De fertochte hie in tsjûge dy't syn ferhaal befêstigje koe. Doe't dy tsjûge twa moannen letter troch de plysje ûnderfrege waard, wist er net mear dat de fertochte op dat stuit by him wie.

Te folle twivels

Dochs fûnen de offisier fan justysje en de rjochter dat der te folle twivels wiene. It is net sa dat se twivelen oan it ferhaal fan de bern, mar it koe net oantoand wurde dat it de 76-jierrige Kollumerpomper wie dy't it pistoal op harren rjochte hie.
De advokaat fan de fertochte hie noch wol in oare ferklearring foar de oanjefte: der soene nochal wat minsken yn it doarp wêze dy't in hekel ha oan syn kliïnt.