Sybren Posthumus: "In soad taken kinne oerhevele nei Fryslân"

29 okt 2018 - 21:08

It realisearjen fan mear selsstannigens yn Fryslân moat yn fazen barre. FNP-Steatelid Sybren Posthumus swakke yn It Polytburo it stribjen nei mear autonomy, fêstlein yn de nota "Fryslân sels oan it roer", wol wat ôf. It is ek mar de fraach oft soks oanslaan sil by de Fryske kiezer. Likegoed fynt Posthumus dat mear selsstannigens goed is, foaral foar de Friezen.

Takomstfyzje

De FNP presintearre 24 oktober op in parsekonferinsje yn Dokkum har nije takomstfyzje. Dêryn stie dat Fryslân fiergeande sizzenskip krije moat op tal fan mêden, útsein Definsje en Utlânske Saken. Neffens de fyzje kriget Fryslân in 'bysûnder plak yn it Keninkryk', te ferlykjen mei de situaasje fan Wales yn it Feriene Keninkryk en Súd-Tirol yn Italië. Dat binne regio's mei dúdlik mear sizzenskip yn harren lidsteaten.

"It plan is in útwurking fan in fyzje dy't wy al yn 2013 fêststeld hawwe", sei Posthumus. "Wy hawwe sjoen nei allegearre boarnen en ûndersiken, mar ek nei wat de Fryske befolking sels wol. Wy fine dat de polityk tichter by de boarger komme. Dêrom hawwe wy no dit plan ûntwikkele."

Ekonomyske foardielen

Posthumus wiist op ekonomyske foardielen. Sa sil mear autonomy mear banen opsmite, seit Posthumus. Hy mient dat op it flak fan sûnenssoarch de Friezen sels folle better bepale kinne wat goed foar harren is. Posthumus sei it bespotlik te finen dat yn Den Haag bepaald wurdt hoe hurd der by It Hearrenfean riden wurde mei.

Neffens de partij soene in soad taken oer kinne nei Fryslân. Yn regio's mei mear foech soe minder wurkleazens wêze. "Wy sjogge dat der in soad regio's binne yn Europa, lytser as Fryslân, dy't mear sizzenskip krigen ha. Dêrmei kinne sy in hiel soad ekstra betsjutte foar de befolking", neffens Sybren Posthumus.

(advertinsje)