Arjan Stroetinga sjocht NK as haaddoel

29 okt 2018 - 19:01

It reedrydseizoen begjint kommend wykein echt mei it kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Der ha nochal wat wikselingen west en der binne nije ploegen by kaam. Dêrom litte we jimme yn de oanrin nei it kommende seizoen eltse dei yn 'e kunde komme mei ien fan de Fryske reedriders. Dit kear Arjan Stroetinga fan Wynjewâld.

Arjan, in nije ploech. Alteast, in nije namme. Wat fynst der fan?

"Ja, moai. It is fansels fierder wol itselde team, mei deselde minsken."

Der feroaret eins neat?

"Nee, net folle en dat is ek ús krêft. Dat we byelkoar bliuwe, ek al hienen we earst gjin nije sponsor."

Hast wolris oare oanbiedingen hân?

"Jawol, mar dizze simmer net. Ik ryd by Jillert."

Is Jillert hillich?

"Nee, seker net, mar ik bin gjin tweintich mear."

Silst dit jier langebaan en maraton wer kombinearje?

"Ja, dat wol, mar op de langebaan kom ik toch tekoart op mannen as Sven Kramer en Jorrit Bergsma. En foar de plakken trije oant en mei njoggen stride, fyn ik neat oan. Mar wa wit, komt der ris in útsjitter."

Dus langebaan silst der wat by dwaan?

"Mwa, ik doch beide en it byt elkoar net."

Wat is dit seizoen foar dy it belangrykste dan?

"Sa'n klassemint op de maraton seit my neat, mar it NK is it belangrykste. En natoeriis is fansels it allermoaiste."

Hast al waarfoarsizzingen sjoen foar dizze winter?

"Nee, dy komme toch noait út."

Orange Pictures - Foto: Orange Pictures

Team easyJet bestiet út de folgjende Fryske reedriders:

  • Jorrit Bergsma (Aldeboarn)
  • Bob de Vries (De Haule)
  • Arjan Stroetinga (Wynjewâld)
  • Carien Kleibeuker (It Hearrenfean)
  • Marijke Groenewoud (Hallum)
  • Tjerk de Boer (Weidum)

Oare riders yn it team binne:

  • Erik Jan Kooiman
  • Evert Hoolwerf
  • Irene Schouten
  • Simon Schouten
  • Elisa Dul
  • Lex Dijkstra
  • Thomas Geerdinck
Trefwurden: 
reedriden Arjan Stroetinga
(advertinsje)