Fries oanholden op de Filipinen foar bernemisbrûk

In 52-jierrige Fries is op de Filipinen oanholden op fertinking fan bernemisbrûk. Dat skriuwt it AD. Neffens minskerjochte-organisaasje IJM is de man middenyn de nacht oantroffen mei fjouwer famkes tusken de 13 en 16 jier.
© Pixabay
It ministearje fan Bûtenlânske Saken befêstiget de oanhâlding. De IJM (International Justice Mission) meldt dat de plysje materiaal fan de fertochte yn beslach nommen hat, wêrop't eksplisite bylden fan de slachtoffers te sjen binne.
De fjouwer famkes soene by en nei de arrestaasje sein hawwe dat se fan fertochte neaken posearje moasten, seksuele hannelingen útfiere en dat er se betelle mei jild en telefoans foar seks.
Minsken yn de buert soene de autoriteiten op de hichte brocht ha. As de man skuldich is, kin er in libbenslange finzenisstraf krije op de Filipinen.