Wedstriid fan de wike: Berenloop op Skylge

29 okt 2018 - 18:06

It is de 22ste kear en as we de hurddravers leauwe moatte ien fan de moaiste maratons dy't der is: de Berenloop op Skylge. Snein is it safier. It is de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân.

Sneon steane de 5 en de 10 kilometer op it programma. De hurddravers foar de heale maraton en de hiele maraton binne snein oan bar. Der steane ek wer ferskate Friezen oan de start.

"Bygelyks Riekele Kobes, dy't de Berenloop ferline jier wûn", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "En by de froulju Ylona Kruis, dy't de lêste twa edysjes as twadde einige. Se wol fansels no wól winne!"

Foto: Omrop Fryslân

Omrop Fryslân hat de 'Wedstriid fan de wike'. Alle wiken stiet op radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)