Trochstekken Lontdyk by Hallum mei fan rjochter

29 okt 2018 - 17:35

De simmerdyk by it nije gemaal Fiifhuzen by Hallum mei trochstutsen wurde. Dat hat de rjochter bepaald yn in koart pleit dat oanspand wie troch in tal pachters en lâneigeners. Sy binne benaud dat har lân ûnderstrûpt.

Gemaal Fiifhuzen - Foto: Omrop Fryslân

Risiko lyts

De rjochter fynt it risiko foar minsken en bisten lyts. De heechwetterstannen binne bekend en in ûntromming fan it gebiet kin rap genôch, as it nedich is, seit de rjochter. Wetterskip Fryslân en It Fryske Gea wolle de dyk trochstekke, sadat der in gebiet ûntstiet wêryn't fisksoarten de kâns krije it binnenwetter te berikken. It nije gemaal by Hallum spilet dêr in wichtige rol by.

Fiifhuzen - Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Hallum Lontdyk Fiifhuzen
(advertinsje)